Himpkweker Easterwâlde oppakt

21 aug 2014 - 16:54

De plysje yn Easterwâlde hat tongersdeitemoarn in himpkwekerij yn in hûs oan De Pasveer oprôle. De bewenner, in lid fan motorklup Surrender, is oanhâlden en syn motor is yn beslach naam.

De plysje fûn yn it hûs 100 planten en alderhande kweekapparatuer. De stroom waard yllegaal ôftape. Derneist is yllegaal fjoerwurk, munysje en in harpoen oantroffen. De spullen binne yn beslach naam. Plysje en justysje sette de lêste tiid bot yn op de oanpak fan leden fan motorklups.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)