Underwiisfúzje D'diel giet oan

21 aug 2014 - 15:29

De fúzje tusken de skoalle foar spesjaal basisûnderwiis 'De Twine' en de Stichting Christelijk Basis Onderwijs, it CBO, Dongeradiel giet dochs troch. Steatssiktaris Sander Dekker hat dizze simmer syn beswieren falle litten. De beide skoallen ha dêrom besletten de fúzjeplannen nij libben yn te blazen.

Ferline jier wegere it ministearje fan ûnderwiis tastimming te jaan. De nije skoalle soe in te grut merkoandiel krije. De rjochter ferneatige dat beslút lykwols begjin dizze maitiid. De kommende tiid sille de plannen fierder útwurke wurde.

Foar it personiel hat de fúzje gjin gefolgen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)