Fryske flagge goed ynboargere

21 aug 2014 - 15:24

De Fryske flagge is goed bekend ûnder de eigen ynwenners. Fan de Friezen wit 100 persint hoe't de eigen flagge der út sjocht. Dermei is Fryslân de iennichste provinsje mei dizze optimale skoare. Buro Kien liet 1100 Nederlanners fan 16 jier en âlder nei de flaggen fan de 12 provinsjes sjen.

Se moasten de flagge fan harren eigen provinsje der út sykje. Grinslanners, Drinten en ynwenners fan Seelân hawwe ek hege skoares helle. Ynwenners fan Noard-Hollân skoarden mei 20 persint it minst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)