Goed healjier foar VDL It Fean

21 aug 2014 - 15:20

De VDL groep yn Eindhoven, mei ek in fabryk op It Hearrenfean, hat in goed healjier hân. It bedriuw hat in omset draaid fan mear as 1,1 miljard euro. Ferline jier wie dat noch 937 miljoen euro. De winst gie fan 27,5 miljoen ferline jier nei dik 57 miljoen.

It oantal meiwurkers gie omheech fan dik 9200 nei hast 10.000. It oantal oarders foar bussen, dy't op It Hearrenfean makke wurde, is tanaam. VDL hat grut fertrouwen yn in fierdere taname fan it oantal bussen dat op It Hearrenfean makke wurdt, benammen mei lichtgewicht bussen.

Trefwurden: 
It Hearrenfean VDL bussen omset
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)