Jeroen Lumu nei SC Hearrenfean

Fuotbalklup SC Hearrenfean hat tongersdei in nije spiler binnen helle. It giet om de 19-jierrige Jeroen Lumu fan it Bulgaarske Ludogorets. De bûtenspiler spile earder foar Willem II, dêr't er as 16-jierrige syn debút makke.
Lumu hat der sels alle fertrouwen yn dat hy slagje sil by syn nije klup. Nei Willem II en it Bulgaarske Ludogorets wurdt Hearrenfean syn tredde klup. Lumu wurdt al in pear jier sjoen as in grut talint. Mar oant no ta is dat der noch net echt útkaam. It it foar him dan ek in ferrassing dat Hearrenfean him in kâns jout.