Bou gjin profyt groei huzemerk

21 aug 2014 - 12:34

It optimisme oer de huzemerk smyt noch net in soad op foar grutte boubedriuwen. Dy bedriuwen ha it noch hieltyd dreech en foar de measten is de krisis noch lang net foarby. Dat seit Marten Cornel fan Bouwend Nederland yn reaksje op de minne healjiersifers, dy't BAM tongersdei presintearre.

Neffens Cornel mikke grutte bedriuwen op grutte projekten en dy binne der minder, bygelyks troch de besunigings fan de oerheid. Ek wurdt der folle mear fan bedriuwen frege op it mêd fan behear, ferhier en finansiering. Ek dat smyt in soad risiko's op.

Trefwurden: 
BAM boubedriuwen huzemerk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)