Groei WW-útkearings yn Fryslân

21 aug 2014 - 12:18

It oantal wurkleazens-útkearings yn Fryslân is yn july mei goed 5 persint omheech gien yn fergelyk mei de moanne derfoar. Tegearre mei Drinte is de stiging yn Fryslân dêrmei it heechst fan Nederlân.

Sûnt febrewaris naam it oantal WW-útkearings noch ôf. De taname yn july komt foaral troch it simmerseizoen, wêryn't in soad ûnderwiiskontrakten ôfrinne en wurk yn de bou en útstjoersektor tydlik stilleit. Dat lêste spilet yn Noard-Nederlân sterker as yn de rest fan it lân.

Yn de gemeenten Tytsjerksteradiel, De Fryske Marren en Smellingerlân wie de taname fan it tal WW-útkearingen yn july it grutst. Yn fergelyk mei july 2013 naam it oantal wurkleazens-útkearingen yn Fryslân ta mei 6,4 persint. Lanlik wie dat 10,7 persint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)