'Dynamysk kustbehear feilich'

21 aug 2014 - 11:44

Neat dwaan oan dúnûnderhâld hat gjin gefolgen foar de feiligens op East-Amelân. Dat seit Johan Krol fan Natuurcentrum Ameland. Op It Amelân wurdt sûnt 1995 op ferskate plakken oan dynamysk kustbehear dien.

Dat wol sizze dat de natuer syn gong gean mei en dat der hast gjin ûnderhâld plakfynt. Doe't mei it dynamysk kustbehear útein set waard, wiene guon eilânbewenners bang foar de gefolgen. No docht bliken dat it dynamysk behear net fan ynfloed is op de feiligens.

Gewoanwei wurdt der by de kust oan 'soft engineering' dien. Op dy wize wurdt oan de seekant fan de dunen sân manipulearre. Op dy wize kinne de dunen behâlden of fersterke wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)