Ice Bucket Challenge by Omrop

21 aug 2014 - 10:28

Programmamakkers fan Omrop Fryslân binne drok dwaande mei de tariedings foar har Ice Bucket Challenge. Dat is in ludike aksje dy't jild opsmite moat foar ûndersyk nei de deadlike sykte ALS. Minsken wurde útdage om in amer mei iiswetter oer de holle te krijen. As se dat dien ha, meie se in pear oaren nominearje om datselde te dwaan.

De aksje bij Omrop Fryslân is opset troch Simmer yn Fryslân presintatoaren Willem de Vries en Femke de Walle. Se lieten har woansdei útdaagje troch harkers en dat smiet hûnderten reaksjes op.

Tal fan Omroppers geane freedtemiddei om healwei fjouweren de útdaging oan. Ek CDA-politikus Sander de Rouwe hat oanjûn mei te wurkjen oan de aksje.

De Omrop-Ice Bucket-Challenge is live te folgjen op radio en tv. Publyk is wolkom by dizze ludike aksje. Adres fan Omrop Fryslân is Suderkrúswei 2 yn Ljouwert.

Harkje yn it audiobestân hoe't it idee woansdei spontaan op de radio ûntstie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)