Knuffelbearen yn Berltsum

20 aug 2014 - 21:08
Foto: Ilona Wetting

Yn Berltsum binne woansdei tsientallen knuffelbearen opdûkt. Wer't de bisten weikomme, is net bekend. De bearen binne oan lantearnepeallen en buorden fêstbûn.

Op de sosjale media wurdt drok spekulearre oer wa't de knuffels ophongen hat. Mooglik hat it te krijen mei it doarpsfeest fan takom wike.

(advertinsje)
(advertinsje)