Partoer Wagenaar ek nei finale

Heale finale Frouljus PC © Omrop Fryslân, Aise van Beets
It partoer fan Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra is de twadde finalist fan de frouljus PC. Wagenaar-en-dy wiene yn de heale finale te sterk foar it partoer fan Sanne Velsma, Nynke Sijbrandij en har suster Wiljo Sijbrandij.
It partoer Wagenaar wûn mei 5-4 en 6-6 fan it partoer Velsma. Wagenaar-en-dy meie it no yn de finale opnimme tsjin Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra, de winners fan ferline jier. Van der Veen-en-dy hoegden gjin heale finale te spyljen fanwege in steand nûmer.