Joustra makket 'bierenburch'

20 aug 2014 - 16:31

Bearenburchprodusint Widdo Joustra fan Snits hat foar it earst bier broud. De drank hat de namme 'Anjenette' meikrigen. Hjirmei wurdt stilstien by it 150-jierrich jubileum fan Widdo Joustra. Anjenette wie de foarnamme fan de widdo Joustra, dy't yn 1864 begûn mei it meitsjen fan de bekende bearenburch. It bier wurdt broud yn fetten dêr't earder 15 jier âlde bearenburch yn makke waard.

It idee foar de saneamde 'Bierenburch' kaam fan in besiker, Jan Willem Uringa út Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)