Sliepe yn bunkers Ofslútdyk?

20 aug 2014 - 14:43

Meikoarten kin mooglik oernachte wurde yn it Kazemattemuseum op Koarnwertersân. It betsjoer ûndersiket de mooglikheden. It is it doel dat groepen skoalbern sliepe kinne yn de bunkers oan de Waadseekant fan de Ofslútdyk. Dy bunkers binne op dit stuit net tagonklik en ek folslein begroeid. Ek is it dreech om fan it museum by dy bunkers te kommen.

Neffens wurdfierder Anne van Schepen fan it museum wurdt de helberens fan it plan op it stuit ûndersocht. It is dan ek noch net bekend wannear't de earste bern yn in bunker útfanhûs kinne.

Trefwurden: 
sliepe Kazemattemuseum bunker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)