VVD wol seefûgels bestride

De VVD wol dat miuwen dy't oerlêst jouwe ôfsketten of fergast wurde kinne. De seefûgels steane no noch op de list fan beskerme fûgels. Om de maatregels mooglik te meitsjen moatte se dêr ôf. It idee om de miuwen te bestriden komt fan Rudmer Heerema fan de VVD. Hy komt út Alkmaar en dêr jouwe de bisten in soad oerlêst.
Yn Harns binne ek in soad seefûgels. De bisten binne sljocht op patat en bakte fisk en soargje sadwaande ek yn de haven geregeld foar oerlêst. De fûgelbeskerming fynt dat de oerlêst ek wol op in oare wize tsjingien wurde kin.
De VVD hopet dat steatssekretaris Sharon Dijksma it idee meinimme sil yn har nije Natuerwet.