Walfiskskelet yn steech

Yn de Alde Lombardsteech yn Ljouwert komt in bysûnder keunstwurk te hingjen. It giet om it skelet fan in walfisk fan mear as 60 meter lang, dat boppe de steech komt te hingjen. De keunstner dy't it objekt makket is Giny Vos út Amsterdam. Yn it keunstwurk wurdt ek op in bysûndere wize ferljochting brûkt.
Woansdei is begûn mei in proef troch in part fan it skelet op te hingjen. Yn it neijier moat it hiele skelet der hingje. De steech wurdt tagelyk opknapt.