Nij beslút nedich oer gemaal

20 aug 2014 - 12:08

De gemeente Ferwerderadiel moat in nij beslút nimme oer it gemaal yn de seedyk by Marrum. Dat docht bliken út in útspraak fan de Rie fan Steat yn Den Haach. Omwenjenden hawwe beswier makke tsjin it gemaal. Dat soe neffens harren net yn it bestimmingsplan passe en it soe gefaarlik wêze om't der in fiskpassaazje yn it gemaal komt.

De beswiermakkers hawwe no gelyk krigen, de gemeente moat de proseskosten betelje. Der wurdt al hiel lang praat oer it gemaal, dat sa'n 13 miljoen euro kostet.

Beswiermakker Schelte Hoogland is grutsk dat hy dêr yn slagge is, want neffens him is it gemaal oerstallich. It giet net allinnich om in nij gemaal. Hoogland hat foaral beswier tsjin plannen om bûtendyks mear lân om te foarmjen ta in kwelder. Hy hat 40 bunder lân bûtendyks.

Deistich bestjoerslid Aaltje Rispens fan wetterskip Fryslân is teloarsteld oer de útspraak fan de Raad van State. Of ien en oar betsjut dat it gemaal der net komt, falt no noch net te sizzen.

Trefwurden: 
Ferwerderadiel gemaal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)