Provinsje jout hûs-opknapstipe

20 aug 2014 - 10:49

Minsken dy't foar it earst in hûs keapje kinne subsydzje krije fan de provinsje, as se dat hûs opknappe wolle. Dêr is in pot fan 680.000 euro beskikber. Minsken dy't in hûs fan ûnder de oardel ton keapje of op de Waadeilannen ûnder de 265.000 euro, komme hjirfoar yn de beneaming. It giet om maksimaal 5.000 euro.

Doel fan de regeling is om de trochstreaming op de wenningmerk te stimulearjen. It is de twadde kear dat de provinsje mei in subsydzjeregeling komt. De earste kear wie earder dit jier en wie neffens de provinsje in súkses.

Klik hjir foar mear ynformaasje oer de renovaasjesubsydzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)