Duo oanhâlden foar stellerij

© Omrop Fryslân
In 29-jierrige Snitser en in 27-jierrige Jouster binne tiisdei oanhâlden foar stellerij. It duo wurdt derfan fertocht dat se yn it wykein in skuorre by Nijesyl iepenbrutsen ha. In part fan it stellen guod waard tiisdei te keap oanbean yn Boalsert. De plysje waard derby helle. Dy seach it duo by Nijlân riden yn in 45-kilometer auto. Tsjûgen hiene dizze auto ek sjoen by de ynbraak.
De manlju sitte noch fêst, it stellen guod is yn beslach naam.