Dokkumer oppakt foar bedriging

20 aug 2014 - 09:52
Foto: Omrop Fryslân

In 23-jierrige Dokkumer is tiisdeitenacht oanhâlden neidat er in 30-jierrige meiwurker fan it adres, dêr't hy oernachte, bedrige hie. Yn syn keamer fûn de plysje in âld fjoerwapen. It is net dúdlik of it wapen noch wurke.

It pistoal is yn beslach naam. De man is meinaam nei it buro en sit noch fêst.

Trefwurden: 
plysje Dokkum bedriging
(advertinsje)
(advertinsje)