'Regionale identiteit behâlde'

It oerein hâlden fan de regionale identiteit fan de kranten en ynvestearje yn nije wizen om it nijs by de minsken te krijen. Dat sjocht de nije direkteur fan NDC Mediagroep, Dina Boonstra (55), as twa fan har wichtichste taken foar de takomst. Neffens Boonstra moat de regionale identiteit wer it sintrum wurde fan de kranten.
De nije direkteur begjint op 1 septimber by de NDC as opfolger fan Geert-Jan van der Snoek dy't baas fan de Telegraaf Media Groep wurden is.
Under de NDC groep falle ûnder oaren De Ljouwerter Krante, It Frysk Deiblêd, it Dagblad van het Noorden en in grut ferskaat oan streekblêden.