10.000ste besiker Kazematten

19 aug 2014 - 15:07

It Kazemattemuseum yn Koarnwertersân ferwachtet woansdei de tsientûzenste besiker fan dit seizoen. Dat is in pear wiken earder as tocht. Dêrút makket it museum op dat der noch altyd oandacht is foar it ferhaal fan Koarnwertersân yn de maaiedagen fan 1940.

Under de besikers binne ek in pear tûzen bern. It museum is dêr tige bliid mei. Om de oandacht foar de skiednis libben te hâlden, wol it museum yn 2015 de presentaasje fan de ferhalen ferbetterje. It museum bestiet dan 30 jier.

Foar de ferbettering fan de presintaasje is 350.000 euro nedich. Dit bedrach is noch net byelkoar garre. It moat komme út subsydzjes en fûnsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)