Syktocht wurk Sjoerd de Vries

Museum Belvédère yn Oranjewâld is op syk nei wurk fan de Fryske keunstner Sjoerd de Vries. Fan de wis 1200 skilderijen dy't er makke hat, is mar de helte registrearre. It museum wol yn 2016 in oeuvretentoanstelling meitsje fan it wurk fan De Vries.
It museum docht in oprop om ferhalen oer de skilder te dielen. Dat hat al in pear net bekende skilderijen opsmiten. Sa hie sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean in selsportret wêrfan't De Vries fergetten wie dat er it makke hie. Dat skilderij wurdt no mei oare selsportretten tentoansteld.