Skip fart mei help nei Teksel

It skip de Kestrel dat tiisdeitemoarn boppe Flylân wetter makke en yn de problemen kaam, is ûnder begelieding fan in bergingsboat ûnderweis nei Teksel. Dêr komt it tiisdeitejûn om seis oere hinne oan. De situaasje op it skip is ûnder kontrôle, meldt de kustwacht.
Der stiet wetter yn it rom, mar it peil sakket neidat der meardere pompen oan board brocht wiene. De trije opfarrenden koene oan board bliuwe. Ek binne der twa man fan in bergingsbedriuw op it skip kaam.
Tiisdeitemoarn om healwei achten melde de bemanning dat it skip wetter makke. Dêrop waarden in helikopter, in fleantúch en in sleepboat nei it skip stjoerd. De KNRM-boaten fan Flylân en Skylge kamen ek yn aksje. Oer de oarsaak fan de problemen is noch neat bekend. De Kestrel is in 18 meter lange omboude fiskkotter. It skip wurdt no brûkt as bewakingsskip by boarplatfoarmen.