H'fean lit each op Lumu falle

18 aug 2014 - 19:45

Sportklup Hearrenfean stiet op it punt om Jeroen Lumu te kontraktearjen. De 19-jierrige Lumu sil woansdei in medyske keuring ûndergean. Dat befêstiget manager fuotbalsaken Hans Vonk.

Lumu is in fleugeloanfaller en komt oer fan de Bulgaarske ploech Loedogorets. Yn Bulgarije spile er yn in healjier alve wedstriden, wêryn't er ien kear ta skoaren kaam. De oanfaller spile earder al foar Willem II, dêr't er as 16-jierrige spiler as jongste debutant ea syn debút yn de earedivyzje makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)