Joey van den Berg sneon skorst
SC Hearrenfean moat it sneon tsjin Excelsior dwaan sûnder Joey van den Berg. De middenfjilder is troch de tuchtkommisje fan 'e KNVB foar ien wedstriid skorst. Van den Berg krige ôfrûne freed twa kear giel en dus in reade kaart yn de wedstriid tsjin Feyenoord.