Duorsume enerzjy Friese Poort

ROC Friese Poort yn Ljouwert begjint takom jier mei it jaan fan technyklessen oer duorsume enerzjy. Yn oparbeidzjen mei produsinten en ferkeapers fan sinnepanielen en wynmûnen wurde spesjale lesprogramma's ûntwikkele. Sa sille MBO-learlingen sels meiwurkje oan de bou fan panielen en mûnen.
De ferwachting is dat de fraach nei skjinne enerzjy tanimt. Dêrtroch is der mear ferlet fan bekwame technisy foar de ûntwikkeling fan en it ûnderhâld oan sinnepanielen en wynmûnen.