Gemaal giet ynternasjonaal

18 aug 2014 - 17:20

It Woudagemaal op De Lemmer hat sûnt koart Ingelske en Dútske speurtochten foar bern. Mei opdrachten en riedsels leare de bern wat der allegear bart yn it gemaal en meie se oan de ein harren helpmasinist-diploma yn ûntfangst nimme.

Mei de Dútsk- en Ingelstalige speurtocht kinne ek jonge fakânsjegongers út it bûtenlân it gemaal kennen leare. De audiotoer foar folwoeksenen wie der al yn acht ferskate talen.

Trefwurden: 
De Lemmer Woudagemaal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)