Nije flintersoart ûntdutsen

Op de Dellebuorsterheide by Aldeberkeap is in nije Nederlânske flintersoart ûntdutsen. Siep en Jannie Sinnema fan 'e Hemrik seagen de flinter. Jannie Sinnema is foarsitter fan de Fryske Flinterwurkgroep. It giet om in nachtflinter út East-Europa dy't nei alle gedachten troch it waarme simmerwaar fûn is. Der moat no in Nederlânske namme betocht wurde en it foarstel fan Siep Sinnema is om it de 'maagdenuil' te neamen en dat is in oersetting fan de Latynske namme.
It is de earste kear dat de Sinnema's in nije Nederlânske soart fûn ha. De maagdenuil wreidet him al jierren út nei it noardwesten. Yn 2002 is er al sjoen yn Denemarken en Sweden, en yn 2006 yn Noarwegen.