Toeristen bliuwe by min waar

Nei wiken fan moai simmerwaar is it waar omslein. It liket betiden wol hjerst mei swiere reinbuien. De echte campingleafhawwer liket him dêr neat fan oan te lûken. Benammen Dútsers, mar ek Nederlanners fine it net slim om mei dit rûge waar noch te kampearjen.
De attraksjes binnendoar binne wol wiis mei it frissere waar, lykas by Sanjesfertier yn De Westereen dêr't besikers bûten, mar ek binnendoar telâne kinne.