Mear 55-plussers oan it wurk

18 aug 2014 - 16:53

Foar wurkleaze 55-plussers is wer mear hoop op in baan. Hieltyd mear minsken yn dizze groep hawwe yn it ôfrûne healjier in baan fûn. Fryslân rint dêrby lanlik foarop, sa docht bliken út sifers fan it UWV. Der is in nij útstjoerburo oprjochte yn Ljouwert en neffens inisjatyfnimmer Edwin Bijl hat dizze leeftydsgroep in soad pluspunten.

It UWV hat fia kursussen en programma's in soad dien om dizze minsken wer oan it wurk te krijen.

Trefwurden: 
wurk UWV 55-plussers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)