Poly seksuology yn Drachten

Nij Smellinghe yn Drachten © Omrop Fryslân, Dirk Baron
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten iepenet tongersdei de nije polyklinyk seksuology. Op de poly kinne froulju terjochte mei seksuologyske problemen en klachten. It foardiel fan de nije poly is dat der mear tiid is foar de pasjinten as by it gewoane sprekoere. Boppedat kinne se binnen it sikehûs bliuwe foar in trochferwizing. Gynekologe en seksuologe Esther Nijhuis fan Nij Smellinghe hopet dat froulju mei problemen dêrtroch earder help sykje.