Steuring by Ofslútdyk is oer

18 aug 2014 - 10:33

De steuring oan de brêge by Koarnwertersân yn de Ofslútdyk nei Fryslân is oer. Ek de file is oplost. It ferkear moast moandeitemoarn in pear oeren rekken hâlden mei in lange fertraging. Troch in steuring woe ien fan de brêgen yn de A7 by Koarnwertersân net ticht. It gie om de brêge yn de rydbaan fan Noard-Hollân nei Fryslân. Rykswettersteat hat doe in omlieding ynsteld en liet it ferkear út beide rjochtingen op ien rydbaan ride.

Trefwurden: 
steuring Ofslútdyk brêge
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)