Frou bedrige yn Drachten
Yn Drachten hat de plysje sneontenacht in 29-jierrige ynwenner fan Boarnburgum oanhâlden. Hy bedrige in frou en fernielde har auto. De man is oerbrocht nei it plysjeburo foar neier ûndersyk. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.