Bern wer nei skoalle

18 aug 2014 - 06:54

Fan moandei ôf geane de bern wer nei skoalle. Foar in soad skoallen betsjut it dat se tenei wurkje mei in kontinuroaster, wêrby't de bern tusken de middei ek op skoalle bliuwe. Der is ek omtinken foar de ferkearsfeiligens no't tûzenen bern wer de dyk op geane. Yn Rotsterhaule mei in learlinge in spandoek fan Veilig Verkeer Nederland ûntbleatsje by in gefaarlik krúspunt.

Yn Winsum binne de skoallen De Stapstien en de Miedskoalle fusearre. Se geane ûnder de namme It Bynt fierder. De skoallen sieten al yn ien gebou. De skoalle hat 110 bern.

De fúzje wie nedich om't der minder bern nei de skoallen geane. Mei de gearwurking wolle de skoallen boppedat de kwaliteit heech hâlde. De gemeente Littenseradiel is bliid mei de fúzje en ferwachtet dat der yn de takomst mear fúzjes folgje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)