Auto botst tsjin hûs Ljouwert

18 aug 2014 - 06:18

Op de Achter de Hoven yn Ljouwert is sneintenacht in auto tsjin in hûs botst. De bestjoerder fan 34 jier út Ljouwert rekke swier ferwûne. Troch noch ûnbekende oarsaak ferlear er de macht oer it stjoer en botste tsjin in lantearnepeal, in stek en kaam tsjin in hûs ta stilstân. De brânwacht helle de bestjoerder út de auto, wêrnei't it slachtoffer nei it sikehûs yn Grins brocht is. De strjitte hat in tiid ôfsletten west foar ûndersyk troch de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)