Van der Veen wint PC-generale

© AWfoto.nl
De generale foar de frouljus PC yn Akkrum is snein in proai wurden foar Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra. Yn in lykopgeande finale wienen de trije froulju mei 5-4 en 6-2 te sterk foar Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra. De lytse preemje wie foar Nynke Sinnema, Marte Altenburg en Renske Terwisscha van Scheltinga.
Kommende woansdei is de frouljus PC yn Weidum. It partoer fan Van der Veen sil dêr de titel ferdigenje.