Spoar Ljouwert-Starum klear
It wurk oan it spoar tusken Ljouwert en Starum is klear. Moandei kinne der wer treinen ride. De ôfrûne njoggen dagen is dei en nacht oan it spoar wurke, mei in spesjale wurktrein.
Reizgers waarden mei bussen ferfierd. Meielkoar is trettjin kilometer spoar fernijd. Ek binne wiksels en oerwegen ferfongen.