Ambachtlik iis wurdt populêr

17 aug 2014 - 14:11

It giet goed mei de ferkeap fan ambachtlik iis. Troch it moaie waar fan de ôfrûne wiken is it in topseizoen fan de ferkeap fan iis. Dochs is de totale iiskonsumpsje net tanaam. De konsumint kiest der hieltyd mear foar om iis te keapjen dat ambachtlik makke is en net út de yndustry komt.

Eeuwe de Jong is foarsitter fan de Vereniging van Ambachtelijk IJsbereiders. Hy tinkt dat de populariteit fan it ambachtlike iis yn it ferlingde leit fan de tanimmende populariteit fan streekprodukten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)