Meitinke oer namme poppoadium

It Harmoniekertier doe't der noch sloopt waard © Omrop Fryslân, Geertrui Visser
Der moat in priisfraach útskreaun wurde foar de namme fan it nije poppoadium yn Ljouwert. Dat fynt de PvdA yn de stêd. No wurdt noch praat fan 'it Harmoniekwartier', mar neffens de fraksje is dat gjin geskikte namme foar in poppoadium. De partij wol graach in werkenbere namme, sa as Paradiso en de Melkweg yn Amsterdam.
Yn skriftlike fragen oan it kolleezje fan b. en w. freget de PvdA wa't der eins ferantwurdlik is foar de namme fan it nije poppoadium. Ek wol de partij witte oft it kolleezje wat fielt foar in priisfraach.
It nije popsintrum is bedoeld as ferfanger fan poppoadium Romein. Septimber takom jier soe it klear wêze moatte.