Rûzje op de Markt yn Dokkum

17 aug 2014 - 12:58

Op de Markt yn Dokkum is in rûzje tusken in pear manlju sneintemoarn betiid út de hân rûn. In man fan 20 út Eanjum soe de rûzje delbêdzje, mar waard dêrby troch in 18-jierrige Dokkumer yn syn gesicht slein.

De Dokkumer naaide dêrnei út. De plysje hat him letter oanhâlden. Hy is nei it plysjeburo brocht en sit noch fêst.

Trefwurden: 
Dokkum rûzje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)