Tsjinst yn Hylper klaaiïng

© Aald Hielpen
Yn de Grutte Tsjerke yn Hylpen is snein in tsjerketsjinst hâlden yn âlde klaaiïng. De tsjerkeried en de dûmny ferskynden yn de tradisjonele Hylper klean. Ek de sjong- en dûnsgroep Aald Hielpen docht der oan mei. Foargonger is de âld-Hylper dûmny Cees Glashouwer fan Harns. Hy sil net yn de Hylper taal preekje, dat wie foarhinne net gebrûklik.
Wol wurde de gebrûken fan eartiids folge, lykas it skieden sitten fan de manlju en de froulju. Nei ôfrin fan de tsjinst wurdt noch útlis jûn oer de Hylper klean.