Van der Meulen wint yn Damwâld

Johan van der Meulen, Renze Pieter Hiemstra en Hylke Bruinsma ha sneon de frije formaasjepartij yn Damwâld wûn. Yn in iensidige finale wiene se mei 5-1 en 6-2 te sterk foar Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Cornelis Terpstra. It is foar it partoer fan Van der Meulen de 5e oerwinning yn de frije formaasje fan dit seizoen.
De lytse preemje wie foar Gert-Anne van der Bos, Dylan Drent en Daniël Iseger.