Man ferdronken by Aldegea

Op de Krúsdobbe yn de Alde Feanen by Aldegea is sneon in man fan in boat ôf yn it wetter bedarre en ferdronken. It giet om in man fan 80 út Veldhoven. Hoe't de man krekt yn it wetter bedarre is, is net bekend, mar de plysje giet derfan út dat er net goed wurden is.
Der waard grut alarm slein. Sa waard ûnderoaren in traumahelikopter oproppen. Der is noch besocht de man te reanimearjen, mar dat is net mear slagge.