Reüny Wiegels Wjukkelmasine
De populêre Fryske band Wiegels Wjukkelmasine komt wer bymekoar. Se sille noch ien kear meielkoar spylje. Dat dogge se op Badbop yn Boalsert op sneon 30 augustus. Se sille dêr in healoere oant trije kertier optrede.
Wiegels Wjukkemasine wie begjin jierren njoggentich in populêre band yn Fryslân. Se hiene hits as 'Wachtsje yn de rein' en 'Wodka!'.