Lichte ferbettering yn de bou

It giet better mei de bousektor. Benammen de nijbou docht goede saken. Neffens Siep Klaas Bijland, de fise-foarsitter fan Bouwend Nederland, spylje de banken dêryn in goeie rol.
Omdat de rinte no sa leech stiet, krije minsken it idee dat se no in hûs keapje moatte. Mei de besteande bou giet it noch hieltyd net bêst.
De oerwearde fan in hûs is de lêste jieren ferdwûn. Dus in ferheging fan de hypoteek foar bygelyks in ferbouwing komt net faak mear foar.