Hege bouleezjes Hearrenfean

(fotofoarbyld) © Omrop Fryslân
Wa't yn Fryslân in hûs fan 130.000 euro bouwe wol, is yn de gemeente Hearrenfean it measte kwyt oan bouleezjes. Dat docht bliken út in oersjoch fan RTL Nieuws. Dy hat alle bouleezjes yn Nederlân op in rychje set. Hearrenfean freget mei in bedrach fan 5.861 euro 63 persint mear as it lanlik gemiddelde.
It grutste part fan de Fryske gemeenten sit ûnder it lanlik gemiddelde. Achtkarspelen is dêrby mei in bedrach fan 1.836 euro de goedkeapste.