Boete foar waskerij Boalsert

15 aug 2014 - 18:35

Waskerij Rentex Floron yn Boalsert moat in boete fan 1,6 miljoen euro betelje fan de Autoriteit Consument en Markt (ACM). Rentex wurdt ferwiten dat it de Mededingingswet oertreden hat, troch ôfspraken te meitsjen mei in tal oare waskerijen. Dêrby soe ûnder oaren ôfpraat wêze hokker bedriuw yn hokker part fan it lân aktyf is.

Mei-inoar moatte de fjouwer waskerijen in boete betelje fan 9,4 miljoen euro. Dy boete is 5 miljoen euro leger as earst oplein waard. Dat hat te krijen mei de lange proseduere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)