Twa beammen kapt foar skûtsje

15 aug 2014 - 17:26

Twa hûndert jier âlde lariksen binne freed by Beetstersweach kapt om der in mêst en in gyk foar in skûtsje fan te meitsjen. Sy komme op it skûtsje De Jonge Trijntje, dat yn Drachten sa orizjineel mooglik restaurearre wurdt. De beide beammen wurde skonken troch de aadlike famylje Van Harinxma thoe Slooten foar in symbolysk bedrach fan twa euro.

It skûtsje De Jonge Trijntje waard ea bouwd op de werf fan de foarâlden fan Haiko van der Werff. De mêst dy't der doetiids op setten waard, komt mooglik út itselde bosk as de nije mêst en gyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)