Frankema sjuery tv-programma

15 aug 2014 - 11:06

Blomstiliste Hanneke Frankema fan blommewinkel Valentijn út Snits sit yn de sjuery fan it nije tillevyzjeprogramma Hollands Beste Bloemstylist. Dêryn geane fyftjin blomstilisten de striid mei-inoar oan om de meast bysûndere kreaasje te meitsjen. It programma wurdt presintearre troch Kees Tol en is fan 3 septimber ôf te sjen by SBS6.

Frankema waard yn 2012 yn Barcelona wrâldkampioen blomsierkeunst. Earder waard se ek alris Nederlânsk kampioen. Dit jier einige se by it NK op it twadde plak, efter winneres Dini Holtrop fan He-As Bloemsierkunst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)