Flapbrêge De Lemmer ferfongen

15 aug 2014 - 10:21

De provinsje lit de flapbrêge oer it Stroomkanaal by De Lemmer ferfange troch in fêste brêge. De flapbrêge is 50 jier âld en eins te smel foar it hieltyd gruttere en swierdere frachtferkear. De nije brêge wurdt dan ek hast trije meter breder.

De brêge leit op in rûte dy't allinnich brûkt wurdt troch ûnderhâldsskippen op it Woudagemaal. Omdat de brêge aanst hast oardel meter heger wurdt, kinne dizze skippen der gewoan ûndertroch farre. De wurksumheden starte nei de simmer. Ein takom jier moat de nije brêge klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)